BOOTS & THE JACKALS

De Boalserters Anno Postma, Peter Fiselier en Werner Draaisma spylje al mear as 25 jier tegearre yn de freoneformaasje JACKAL JACK. Dizze band is yn 1986 oprjochte, mei troch Gerben Bootsma dy’t doe de leadsinger wie. Gerben hat troch stúdzjeferplichtings de band úteinlik ferlitte moatten, mar dit jier binne se troch LIET wer byinoar brocht.

Yntusken wennet Gerben yn Den Haag, dêr’t hy neist rock & roll muzyk ek eigen makke popnûmers yn it Frysk en Nederlânsk spilet. Dêrneist makket ek de Vlaardingse toetsenist Jochem van Abel dit jier diel út fan de band.

BOOTS & THE JACKALS nimt diel oan it Fryske sjongfestival LIET mei it nûmer “Fjirder as hjir”, dêr’t yn songen wurdt oer dat de Fryske taal en kultuer op mear plakken dan yn de provinsje útdroegen wurdt troch Friezen om utens. En dat de ferbining mei it Heitelân faak sterk is en bliuwt!