Dirk muzyk – Spirit of Rap movement

‘Dizze Dagen‘ is in gearwurking tusken Spirit of Rap movement, DerGjitr en Dirk muzyk. Ruben en Dirk spylje tegearre fantastyske shows mei in grut spyl-elemint. Mei in soad magy meitsje sy der wat fan. Muzikaal, ritmysk, gefoelich. Spirit of Rap movement wol graach in grut ferskaat oan ferskillende talen útbringe.

Dirk is in performer en dicht, rapt, sjongt. Hy wol graach shows spylje fan in oere of langer om de minsken mei op reis te nimmen. De trijetalige mixtape ‘upcoming of AN aGe: nEw Live‘ is ien fan syn debutenplaten.

Dirk is oprjochter fan Spirit of Rap movement en inisjatyfnimmer fan festival Keepin The Spirit Alive. Hy hat de bondel ‘Swart, Ljocht – Zwart, Licht – Black, Light’ en it boek ‘Het is’ útbrocht.

‘Dizze Dagen’ is in observaasje fan hjoed-de-dei. It omskriuwt wat Dirk en minsken om him hinne meimeitsje.