Folkert-Hans

It is in dream dy’t útkomt foar Folkert-Hans, muzyk meitsje mei dyn eigen gearstalde band. It nûmer “De taal fan muzyk” presintearret hy mei in mar leafst achtkoppige band. Folkert-Hans is hikke en tein yn Aldtsjerk. Tolve jier wie hy elektrisien, mar syn passy wie en is muzyk. It optreden die hy der earst neist, mar yntusken libbet hy folslein fan de muzyk mei syn  solo-optredens. Yn de Grinzer Pein, syn wenplak, hat hy in studio boud dêr’t hy syn muzikale kreativiteit yn kwyt kin. Hjir is de band ek byinoar kaam om ‘De taal fan muzyk’ te foarmjen. It nûmer giet oer de universele taal fan muzyk. Want wêr’tst ek bist yn de wrâld, muzyk ferbynt eltsenien. As solo-artyst is it dan fansels fantastysk dat je dit nûmer mei entûsjaste muzikanten hearre litte kinne.