Janneke de Boer

Janneke de Boer hat njonken har baan as pedagogysk meiwurker in grutte passy foar it sjongen. Dat docht se yn de band Chosen, mar ek solo. Se skriuwt har eigen nûmers en wûn dêrmei yn 2016 de publykspriis fan Liet. Janneke har ynstjoering is in persoanlik liet, dat giet oer de ûnderfiningen dy’t har famylje hân hat mei de sykte fan Alzheimer.

Janneke de Boer - Stimmen fan 't ferline