Minke & Lucia

Minke & Lucia is in akoestysk duo út Fryslân.

Minke Soolsma is in sjonger-songwriter; sy sjongt en spilet gitaar. Minke is hikke en tein yn Harns en skriuwt sûnt tsien jier har eigen muzyk.
Mei Lucia Hebers hat sy yn 2012 in muzikale partner fûn. Lucia spilet basgitaar en sjongt de twadde stim.

Minke & Lucia fertolkje in kleurich en melodieus eigen repertoire mei mearstimmige sang fan wêrút in unyk lûd ûntstean is.
De Fryske lietsjes wurde troch de twa froulju uterst muzikaal útfiert. De harmonieuze fokalen bringe de lietsjes op in heger peil.

It duo hat yn 2019 de Singer-songwriter contest fan Friesland Pop wûn.
De trije sjueryleden wiene tige optein troch it mei-inoar spyljen, de wize wêrop tekst en muzyk in hechte ienheid foarmje en de tematyk fan de Fryske lietsjes.