Rene de Jong, Lars Mulder en band

De gearwurking en freonskip tusken Rene de Jong en Lars Mulder is ûntstien by it Queen Project. Dêr is Rene de Jong artyst en toetsenist, Lars Mulder pianist, dirigint en organisator. By Liet bestiet de band fierder út Jurjen Cornelissen (gitaar), Bart Koet (toetsen), Marco Kerssies (basgitaar) en Robert-Jan Zigterman (drums). It liet dat se spylje sille, hjit ‘Gjin leafde, gjin libben’. Mulder skreau it nei oanlieding fan it ferstjerren fan in goede freon en artyst fan it Queen Project. It liet giet oer hoe’t ien him fiele kin nei it ferlies fan in leafde troch skieding of ferstjerren.