2019 – winner Sequens mei Do bist frij

Sequens bestiet út Wieger Jelsma en Angeline Westra, gitaar en sang. Twa rasmuzikanten, dy’t beide sykje nei dy spesjale klank. Inoar fûn en sûnt 2013 sawol privee as muzikaal in ienheid.

Wieger syn gitaarspul is kleare passy, en Angeline sjongt fol tawijing. It eigen wurk is in kombinaasje fan ferskate muzyksjenres; in miks fan jazz, soul, gipsy, en mear. Moaie balllads, mar ek up-tempo nûmers en ynstrumintale lietsjes. Dit alles semi-akoestysk, benammen yn it Frysk en mei in folslein eigen styl.

“Muzyk is in libbensazem foar ús en foaral eigen muzyk meitsje is ien fan de moaiste dingen om te dwaan. Ek it kontakt mei it publyk is wichtich, want tegearre belibje en genietsje dêr gean wy foar. Oft it no in grut festival of in smûk húskeamerkonsert is”, sa seit Sequens.