Tigers fan Greonterp

Yn de wrâld fan de Tigers fan Greonterp bejoust dy yn in tsjusterens, iensumens, ûnferfolle dreamen en it langjen om dêr út te klimmen. Je wurde meinaam troch de persoanlike kwelling fan de sjonger/dichter Elmar Kuiper.

De lieten falle op troch harren pakkende, meloadyske gitaarspul, dêr’t de bas en drums opstowend en ritmysk binne yn in hypnotisearjende kadâns.

De band belibbe syn debút ûnder it Greidhoekfestival 2015. De Tigers fan Greonterp makken yn 2016 furoare op it Freezefestival en Explore the North en begjin 2017 by Eurosonic.

Yn febrewaris 2017 kaam harren earste CD út, dy’t produsearre waard troch Joop van der Linden, by platemaatskippij Marista.