Volk!!

De band Volk!! stiet foar it tredde jier op rige yn de finale fan Liet. Twa jier lyn wûnen se de tekstpriis. Volk!! spilet eigensinnige folk, mei in fleuchje jazz. De seis bandleden binne Piter Banga (sang, akkordeon, piano), Wietske Banga (gitaar, sang), Jelle Beks (sopraan, tenorsaks), Alinda van der Bijl (kontrabas, sang), Paul Tjepkema (perkusje) en Ben van der Veen (tromboane, sousafoan). Op Liet 2021 spylje se Leafde.