Crossover: Ginge ft. Faske

In bysûndere gearwurking op Liet 2021 is dy tusken Faske en Ginge: twa oanstoarmjende talinten fan sawat deselde leeftiid.

Ginge is yn koarte tiid op de radar in soad programmeurs tefoarskyn kaam. Se hat in tige goede sangtechnyk en flow. Ginge bringt in nij lûd yn Fryslân. Se docht dit jier ek mei oan de Popronde, in lanlik rûnreizgjend festival foar de grutste muzikale talinten fan Nederlân.

Faske docht dit jier mei oan Hit the North, in ûntwikkelingsprogramma foar de grutste talinten út Noard-Nederlân. De teksten fan Faske geane oer it paradoksale bestean fan in tweintiger. Gewoanwei rapt er yn it Nederlânsk, mar spesjaal foar Liet fansels yn it Frysk.

De popynfloeden dy’t Faske meinimt, yn kombinaasje mei de jazzvibes fan Ginge meitsje dit sûnder twivel in hichtepunt fan woansdeitejûn!