Crossover: Willie Darktrousers ft. Marije de Vries

Liet draait net allinnich om de finalisten, mar ek om ferrassende gearwurkingen tusken artysten. Op Liet fine bygelyks Marije de Vries en Willie Darktrousers elkoar.

Singer-songwriter Marije de Vries komt út Burdaard en makke namme mei de band Wonder. Earder siet se al by Dina Drinks Tea. Marije spilet ferskes dy’t meislepend binne. Se lit har ynspirearje troch persoanlike ferhalen fan minsken.

Se die yn Ljouwert de Academie van Popcultuur en dêr ken se Emiel Joorman ek fan. Dy stiet better bekend as Willie Darktrousers út, fansels, Donkerbroek. Hy bringt muzykstilen by-elkoar dy’t op it earste each op grutte ôfstân fan elkoar steane.

Op Liet spylje se Oranje gloede, oer ljochtfersmoargeing en it feit dat minsken dêrtroch de stjerren net mear sjen kinne. It soarget derfoar dat minsken har minder ferbûn fiele mei de natuer.