Oankommende tongersdei is it safier; de finale fan Liet 2023! Om alfêst yn’e sfear te kommen hjir nochris de artysten en de titels fan harren lieten. Tongersdei kinst fanôf ûngefear 21.00 fia de webside fan Liet of fia Facebook en Instagram, stimme op dyn favoryt.
De Mann’
Sûnt 2018 meitsje de Mann’ Frysktalige muzyk. De band bestiet út Freerk Siemen Hospes, Johannes Hospes, Bruno Rummler en Durk Sybesma. De ynspiraasje foar it liet Mei dy is it libben sels, it giet oer dysels kwytreitsje yn de oar.
Samar Watt
Samar Watt bestiet út Nico Sinnema, Sjaak Weiland, Willem Kemper en Peter Sinnema. It liet Coaches giet oer de hûnderttûzenden coaches die der tsjinwurdich binne, in liet mei in knypeach.
Volkk!!
Volkk!! makket folkmuzyk sûnder grinzen. Volkk!! seit sels oer harren liet Dûnsje: “Dûnsje giet net oer dûnsjen! Manlju wolle hielendal net dûnsje en dûnsjen is ek net stoer. Wêr it dan wol oer giet? Wêr eins alle ferskes oer gean fansels!”.
DEUN VAN SEUN
Deun van Seun hat it liet mei de langste titel: Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?! Jankobus Seunnenga, Julian Dijkstra en Sander Veldman meitsje yn harren liet in autorit fan Ljouwert nei Dokkum mei alle tûkelteammen dy’t se tsjinkomme.
Melissa Pander
Melissa sjongt yn Foarby oer it momint dat se har leafste moete hat en se woe dat dát momint noait mear oer gean soe.
Bone of Contention
Bone of Contention bestiet út Hilbrand van der Woude, Christiaan Beers, Hermann Engelmann, Jeroen Jeeninga en Mark Jeeninga. Harren nûmer Ljocht is fuort giet oer de reaksje op in hommels en heftich driigjend barren, wêrby’t men refleksyf yn de survival modus sjit.
Ms T Mar Jazz
Ms T Mar Jazz is in melodieuze easy loungie jazz formaasje. Sy wol in relaxed sfearke kreëarje wer ‘t sels it Frysk zwoel en oars as oars klinkt. No, dat is goed te hearren yn it nûmer Bist do by my.
Grymtosk
Mei myn maten yn’e hell, fertelt Hille Hiddema, alias Grymtosk, it ferhaal oer Kening Redbad. Hy woe him net dope litte, dan leaver by syn maten yn’e hel.