Denemarken organisearret 13e Liet International

Tretjen finalisten op sjongfestival foar minderheidstalen

Tretjen Europeeske minderheidstalen dogge oare wike freed 13 maaie mei oan Liet International. De dielnimmers oan it sjongfestival foar minderheidstalen, dat foar de 13e kear hâlden wurdt, komme ûnder oaren út regio’s yn Spanje, Frankryk, Itaalje, Dútslân,  Finlân, Israël en Denemarken. Fryslân wurdt fertsjinwurdige troch Adri de Boer, winner fan Liet 2021. De tretjen lietsjes dy’t yn de finale tsjin elkoar stride binne troch in sjuery selektearre út mear as 30 ynstjoerde komposysjes.

De finale fan Liet International 2022 fynt plak yn it Deenske Tønder/Tondern, dat de kommende wike omtovere wurdt yn in Europeeske festivalstêd. Kommende woansdei sette de repetysjes útein. Yn de finale op freed 13 maaie, krekt foar de slotshow fan it grutte Europeeske sjongfestival in dei letter, sil sjongeres Ingret út Oekraïne de iepening fersoargje.

“Denemarken soe twa jier lyn al de finale fan Liet International organisearje. Mar twa wiken foar de finaledei moast troch de útbraak fan it koroanavirus alles ôflost wurde”, sa seit Uffe Iwersen van de Deenske organisaasje, dy’t tegearre mei de Fryske Stichting Liet ’91 it festival organisearret. “Wy ha tegearre mei de organisaasje yn Denemarken eins alles op’ e nij organisearre moatten. Der binne sels allegear nije lietsjes ynstjoerd en troch in nije sjuery selektearre. En wy moasten sels switchen fan Aabenraa/Apenrade nei Tønder/Tondern.”

De finale fan Liet International is freed 13 maaie fanôf 19.00 uur te folgjen fia in livestream op www.omropfryslan.nl en de socialkanalen van Omrop Fryslân (Facebook en YouTube) en Liet.

Dielnimmers 13e Liet International

Band Liet Taal
Adri de Boer Bliuw mar by my Frysk (Nederlân)
Billy Fumey U Port Titi Francoprovencal (Frankryk)
Carolina Rubirosa O teu camiñar Galisysk (Spanje)
Die Tüdelband Wenn ik enen Wunsch harr Platdútsk (Dútslân)
Doria ROMA Korsikaansk (Frankryk)
Emanuele Pintus Genia Sardinysk (Itaalje)
Ingá-Máret Gaup-Juuso Dovdatmeahttumii Sami (Finlân)
Jimi Henndreck Heihupfa Súd-Tiroalsk (Itaalje)
Martin Hørløck Æ Nordschleswig-Lied Synnejysk/Dútsk (Denemarken)
Martje Johannsen & Christoph Hansen Maleen Noardfrysk (Dútslân)
Roger Argemí La contradicció Katalaansk (Spanje)
Sofi & The Baladis REBUTALLA Hebrew (Israël)
Yourdaughters Hudsult Deensk (Dútslân)

 

Op de foto de winner fan Liet International 2017 Ella Marie Hætta Isaksen (fotocredit: Johan Mathis Gaup).