Doch mei oan Liet 2018

De ynskriuwing foar Liet 2018 is iepene!

Meidwaan oan Liet is mear dan allinne in foarronde en de finale. Foarôfgeand oan de earste seleksje hast nammentlik al de mooglikheid om dyn talint fierder te ûntwikkeljen. By in ûntwikkeldei yn maart krijst alle stipe om dyn nûmer en dyn tekst te ferbetterjen of in refleksje te krijen fan professionals op dyn optreden.

Wolst meidwaan oan Liet en kâns meitsje op in moai poadium, entûsjast publyk, advys en beoardieling troch in professjonele sjuery en dielname oan de Liet Untwikkeldei? Meld dy dan oan fia de oanmeldknop op ús thússide en do krijst in e-mail mei alle ynformaasje. Let op! De lêste oanmelddatum is 1 maart 2018. Dan hoechst dyn materiaal noch net klear te hawwen, de ynstjoerdatum dêrfoar is 6 april.

[Formulier oanmelding Liet]