FIDEO: Adri de Boer – Bliuw mar by my

Yn 2001 hie Adri de Boer foar it lêst Liet wûn, dit jier opnij. Dat die er mei it nûmer Bliuw mar by my. Der is in soad feroare yn dy tiid: “Dit nije format hie ik noch noait meimakke. Yn 1991 wie de alderearste kear, dat wie yn in oar format yn de âlde Harmonie. It nije format lonkte wol. Dêrby kaam dat it ek live op telefyzje is no.”

De Boer wûn Liet dus mei Bliuw mar by my. De tekst dêrfan is skreaun troch Giny Bastiaans. “Ik hie har frege om de tekst te meitsjen. It paste earst net by de muzyk dy’t ik lizzen hie. Doe ha ik der in ‘kleinoodje’ fan makke. It is in hiel yntym ferske wurden, ik fyn it sels hiel moai.”

Mei dit optreden wûn Adri de Boer ferline wike Liet 2021: