FIDEO: Bokke & De Heidehippers – Caravan bûten Ljouwert

Bokke Rypstra komt fan Blauhús en hat yn te folle bands spile om op te neamen. Op Liet spile er mei The Lazy Sundays. Gewoanwei in trio, mar foar de gelegenheid binne se no mei syn fjouweren en hjitte se Bokke & de Heidehippers.

It nûmer dat se spylje, is ynspirearre op de buorfrou fan Bokke. Dy wennet yn in caravan, omdat har oannimmer fallyt is. Mar it is ek ynspirearre op in boek fan Stephen King en op in learling dy’t gypsy jazz leare woe.

De bylden binne fan Omrop Fryslân.

(Ek meidwaan oan Liet? De ynskriuwing foar Liet 2021 is no iepen, sjoch hjir!)

De kommende dagen en wiken diele we mear fideo’s fan ôfrûne wykein! Fan de finalisten en fan de crossovers. Dus hâld alle kanalen yn de gaten: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

Foto by dit berjocht: Nico Boersma