FIDEO: DINA & Zea – Ferlies

Wat ha we in moaie finale sjoen! En gelokkich kinne we noch moai even neigenietsje fan alle optredens fan dit jier, tanksij de opnamen fan Omrop Fryslân. We genietsje bygelyks noch fan DINA en Zea, dy’t spesjaal foar Liet de gearwurking sochten. Yn Neushoorn spilen se ûnder oare dit nûmer, ‘Ferlies’.

DINA en Zea ha de studio-opname fan ‘Ferlies’ ek offisjeel útbrocht, dy kinst hjir hearre.

De kommende dagen en wiken diele we mear fideo’s fan ôfrûne wykein! Fan de finalisten en fan de crossovers. Dus hâld alle kanalen yn de gaten: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

Foto by dit berjocht: Pieter-Jord Hovenga