FIDEO: Douwe Dykstra – Wêr’t ik begjin en do stoppest

Douwe Dykstra is grutbrocht op it plattelân fan Eastersee. Hy hat syn spoaren yn de muzyk al behoarlik fertsjinne: hy spile al op grutte festivals, lykas Oerol, Zwarte Cross en Noorderzon. Mei Wêr’t ik begjin en do stoppest giet er op syk nei himsels op Liet 2020+1.

De bylden binne fan Omrop Fryslân.

De kommende dagen en wiken diele we mear fideo’s fan ôfrûne wykein! Fan de finalisten en fan de crossovers. Dus hâld alle kanalen yn de gaten: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

Foto by dit berjocht: Nico Boersma