FIDEO: Iris Kroes & Wander Kars – Oare wrâld

De gearwurking dy’t Iris Kroes en Wander Kars foar Liet sochten, betsjut dat twa ferskate wrâlden by-elkoar komme.

En der sit in djipper boadskip yn, seit Iris: “De lêste tiid stiet elkenien mear tsjinoerelkoar, dat botst. Dus wy tinke: sjoch ris nei in oare wrâld en stel dy dêr iepen foar.”

Yn Neushoorn spilen se op Liet 2020+1 dit nûmer, ‘Oare wrâld’.

De bylden binne fan Omrop Fryslân.

De kommende dagen en wiken diele we mear fideo’s fan ôfrûne wykein! Fan de finalisten en fan de crossovers. Dus hâld alle kanalen yn de gaten: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

Foto by dit berjocht: Pieter-Jord Hovenga