FIDEO: Janneke de Boer – Stimmen fan ‘t ferline

Janneke de Boer wie gjin ûnbekende foar Liet, se die yn 2016 ek al mei. No, fiif jier letter, spile se in hiel persoanlik ferske. Har skoanmem stoar yn 2020 oan alzheimer, dêroer skreau Janneke it nûmer Stimmen fan ‘t ferline. De bylden binne fan Omrop Fryslân.

De kommende dagen en wiken diele we mear fideo’s fan ôfrûne wykein! Fan de finalisten en fan de crossovers. Dus hâld alle kanalen yn de gaten: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

Foto by dit berjocht: Nico Boersma