Finale Liet 2017: 10 desimber

Op snein 10 desimber stride 9 finalisten yn de finale fan Liet 2017. De winner mei troch nei Liet International 2018 XXL, dêr’t 15 dielnimmers út ferskate Europeeske regio’s oan mei dwaan sille.

De line-up fan de finale sjocht der sa út:
1. Josbert
2. Nine Lives
3. Foute Bull
4. Luko Reinders
5. Het Verdriet van Drenthe
6. Albert van der Tuin
7. Frij
8. Christian Jongedijk & Lars Mulder
9. Flow 5

Lokaasje: Neushoorn
Seal iepen: 14.30 oere
Start finale: 15.00 oere

Kaarten kinne kocht wurde fia Neushoorn (www.neushoorn.nl), 7,50 oan de kassa, 5,00  yn de foarferkeap.