Frysk sjongfestival yn nij jaske

Start kaartferkeap foar spesjale Liet

De kaartferkeap foar sjongfestival Liet op freed 15 novimber giet moarn fia de site www.liet.frl fan start. De wedstriid foar it Frysktalige liet yn Neushoorn yn Ljouwert is dit jier yn in nij jaske stutsen. Neist de tsien finalisten foar it sjongfestival trede ek acht bekende Fryske muzykakts op, dy’t spesjaal foar Liet nije Frysktalige lietsjes skreaun ha. Dat binne ûnder oaren Broken Brass Ensemble mei Ed Lip en Aart Lus, indie rock band Woe Blind Birds, Marcel Smit en Wiebe Kaspers.

“Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan. De wedstriid mei nije Fryske lietsjes fan jonge muzikanten is noch altyd hiel belangryk. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije dingen probearje, sa as bekende Fryske artysten stimulearje om mear de Fryske taal yn harren repertoire te brûken”, sa seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer.

Oare nammen fan bekende Fryske artysten dy’t meidogge oan it spesjale cross over-projekt binne Esther de Jong, operasjongeres Elizabeth Kooy en bluessjonger Leonard Ford. Njonken de nije Fryske lietsjes sjonge se ek eigen wurk.

Oant ein oktober kin it publyk digitaal fia de site fan www.liet.frl stimme wa fan de fyftjin oerbleaune nominearren in plak yn de finale fan 15 novimber krije. It publyk kiest twa dielnimmers. De oare acht finalisten wurde oanwiisd troch in seleksjesjuery. De winner fan Liet 2019 fertsjintwurdiget Fryslân yn 2020 op Liet International. Dat Europeeske festival foar lietsjes yn minderheidstalen fynt oar jier april plak yn Aabenraa (Denemarken).