Iris Kroes, Zea en mear nei Liet 2020

It muzykprogramma fan Liet 2020 is folslein. De trije duo’s, Iris Kroes en Wander Kars, Huub Prins en Bobby Choco en Zea met DINA binne troch Liet gearstald en meitsje nije Frysktalige muzyk. It programma fynt op 6 novimber plak, ûnder de finale yn Neushoorn. Der is noch mear nijs: Liet hat mei festival Explore the North in moaie nije partner!

Fan Frysk Sjongfestival nei in gruttere platfoarmfunksje foar Frysktalige muzyk: Liet is by it soad yn ûntwikkeling. Dat dogge we ûnder oaren troch, krekt as ôfrûne jier, artysten te programmearjen dy’t spesjaal foarLiet nije Frysktalige muzyk skriuwe.

Harpiste en The Voice of Holland-winneres Iris Kroes wurket mei elektro- en raveproducer Wander Kars (û.o. HuSo en Bastard Sugar).

Zea, it soloprojekt fan de Fryske Amsterdammer Arnold de Boer (ek The Ex) spile al yn mear as frjitich lannen op seis kontinenten foaral Fryske muzyk en wurket mei ‘world-indie’ singersong-writer DINA.

It tredde duo bestiet út Huub Prins (Elias Elgersma fan ûnder oaren The Homesick, Yuko Yuko) mei Bobby Choco (it nije alter ego fan Roy Veentra, ek wol Idiott Smith).

De artysten trede op tusken de dielnimmers oan it sjongfestival ûnder de finale en dogge dus net mei om de oerwinning.

Explore the North nije partner fan Liet

Underdiel fan it fernijde Liet is ek de gearwurking mei festival Explore the North. It muzykprogramma wurdt ek presintearre op it stedsfestival foar literatuer, muzyk en teater.

Mark Hospers fan Explore the North dêroer: ‘In het festival stellen we kwaliteit, experiment en talent centraal. Door het partnerprogramma met Liet kunnen we nu beter laten zien hoe groot de schoonheid en potentie van de Friese taal in podiumkunsten is, en kunnen we de komende jaren werken aan het ontwikkelen van spannende nieuwe makers en vormen in de Friestalige muziek’. Ek ús Liet-foarsitter Gerard van der Veer is optein: ‘Explore en Liet sprekke beide in eigen doelgroep oan kwa publyk en artysten. Tiid om inoar kennen te learen en te fuortsterkjen mei de poadiumkeunsten yn kombinaasje mei de Fryske taal.’