Kaartferkeap Liet 2021 úteinset

De kaartferkeap foar de finale fan Liet 2021 is los! It evenemint hat plak yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert op 17 novimber.

Leafhawwers fan Frysktalige muzyk, fan ferrassende acts of fan gewoan in gesellige jûn kinne in kaartsje keapje op de webside fan Neushoorn. Klik hjir om nei de evenemintpagina ta te gean.

De Liet-finalisten binne Adri de Boer, Bron, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, 2nd TRY, Rene de Jong & Lars Mulder & band, Volk!! en Sequens. Dêrnjonken binne der optredens fan trije crossoveracts: Jonathan Rhodes mei Olaf Visser, Ginge mei Faske en Willie Darktrousers mei Marije de Vries.