LIET 2020+1: finale Frysk sjongfestival giet troch

Stifting LIET ’91 organisearret op 3 april foar de 29e kear it Frysktalige sjongfestival Liet: in wedstriid foar it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. Dizze edysje stie earst op de aginda foar novimber 2020, mar koe doe net trochgean fanwege de koroanabeheinings. De finale krijt as namme LIET 2020+1.

It wurdt in bysûndere edysje yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, want foar it earst is der gjin publyk by. Dat hat ek alles te krijen mei de koroanamaatregels dy’t noch jilde. Dochs hoege leafhawwers fan it Fryske liet neat te missen, want Omrop Fryslân stjoert it festival online en op telefyzje live út.

It sjongfestival krijt in ôfwikseljend programma. De acht finalisten, dy’t har ferline jier al kwalifisearren, dogge mei foar de Tekstpriis en de Sjuerypriis. De finalisten binne Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text. Dêrnjonken set Liet it suksesfolle crossover-programma troch, wêrby’t bekende artysten yn duo’s selsskreaune nagelnije Frysktalige komposysjes foar it earst útfiere. De duo’s dy’t optrede sille yn de finale binne Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & Dina en Huub Prins & Bobby Choco.