Mear as 20 ynskriuwings foar Liet 2020

Foar it Frysk sjongfestival Liet binne dit jier 22 nije Frysktalige lietsjes ynstjoerd. De finale fan Liet 2020 fynt op freed 6 novimber plak yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De bêste acht lietsjes stride dêr om de einoerwinning. Fanwege it koroanafirus kinne dit jier mar in beheind oantal taskôgers de finale bywenje.

De kommende wiken sil de seleksjesjuery, dy’t bestiet út Willo de Bildt (muzykdosint D’Drive), Wim Brons (radiopresintator Omrop Fryslân) en Esther de Jong (singer songwriter), út de 22 ynskriuwings de bêste 12 selektearje. Dizze kopgroep krijt in live optreden by Omrop Fryslân en docht begjin oktober mei oan in digitale stimming ûnder it publyk. De twa akts dy’t de measte stimmen fan de Fryske befolking krije, pleatse harren foar de finale. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery.

“Foar de finalisten ha wy dit jier wer wat nijs”, sa seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer. “Se kinne op ús kosten muzykcoach Janneke Brakels ynhiere foar in sparringssesje om te wurkjen oan harren perfomance foar de finale. Dy lêste puntsjes op de i kinne somtiden in grut ferskil meitsje.”
Njonken de finale hat de organisaasje fan Liet op ’e nij seis bekende Fryske artysten frege yn trije duo’s trije nije Frysktalige lieten te skriuwen en op te fieren op freed 6 novimber.