Muzykrûtes SatelLiet yn hjerst 2020 werom

It suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ wurdt troch de organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ yn de hjerst fan 2020 trochset. De beide muzykrûtes ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum organisearre.

SatelLiet
Yn ‘e rûte nei Liet 2020 (6 novimber 2020) organisearje wy op ‘e nij: SatelLiet. Op freed 18 septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûtes mei lytsere en gruttere optredens te folgjen. Yn septimber steane Fryske muzikanten en dichters yn Aldebiltsyl programmearre. Haadakt is Iris Kroes dy’t yn kultureel sintrum Aerden Plaats optreedt. Yn oktober folget Koarnjum, mei haadakt ZEA, programmearre yn Theater de Wier yn Koarnjum.
De fierdere programmearring fan SatelLiet is yn Aldebiltsyl mei winner Liet 2019, Sequence en in foarstelling fan dichters fan Dichterskollektyf Rixt. Ek yn Koarnjum steane dichters programmearre.

Sawol ZEA (Arnold de Boer) as Iris Kroes meitsje ek ûnderdiel út fan it muzykprogramma fan Liet 2020 yn novimber. Yn dit projekt wurde Fryske ferneamde artysten oaninoar keppele om in Frysktalich liet te meitsjen. It folsleine muzykprogramma, en ek de dielnimmers fan it sjongfestival, wurdt letter bekend makke.

Kaartsjes (en reservearjen) foar 18 septimber en 16 oktober à 10 euro kinne besteld wurde by de Aerden Plaats (Aldebiltsyl) en Theater de Wier (Koarnjum). Reservearjen is needsaaklik yn ferbân mei de RIVM rjochtlinen yn it ramt fan koroana. Beide jûnen wurdt wurke mei lytsere dielgroepen. Nei it reservearjen krije belangstellenden harren startlokaasje fia de mail tastjoerd.

Koarte bio’s haadakts SatelLiet:

Iris Kroes (Drachten, 1992) is bekend wurden as de winneres fan it twadde seizoen (2013) fan it telefyzjeprogramma The voice of Holland. Sy makke dêrnei ferskate platen en spile yn binnen- en bûtenlân.

Sûnt 2017 ûntdiek Iris har talinten yn songwritingcamps. Nei skriuwkampen yn Las Negras Spanje, organisearre Kroes ek har eigen songwritingcamps. Yn 2018 liede dat ta it útbringen fan in soad nije muzyk. Sa skreau Kroes, tegearre mei songwriters Henk Pool & Heleen Roosdorp it twatalige lied ‘Surrounded by Water’, opnaam mei de bekende Fryske brassband De Bazuin út Oentsjerk. Dit liet is spesjaal skreaun foar de kulturele haadstêd fan Europa yn 2018, Ljouwert. Yn novimber 2019 brocht hja har EP ‘No Fire’ út yn eigen behear, mei har nije muzyk hat se mei band in tal konserten dien troch it lân. Yn april 2020 brocht Kroes de earste Nederlânske 8D-track ‘Brighter Day’ út. ‘8D-muzyk’ klinkt as oft de harker yn in hiele grutte romte is en de muzyk fan alle kanten komt.

As artyst mei in soad ûnderfining (The Ex) ûntduts Arnold de Boer (Makkum, 1974), ek wol ZEA, pas op lettere leeftyd it Frysk as taal om ferskes te skriuwen. Mei ‘Moarn Gean Ik Dea’ hat Zea yn 2017 syn earste Frysktalige album opnaam. “Foar my is it emosjoneler en direkter, dêrtroch krije de nûmers ek oare ûnderwerpen. Boppedat sit yn de Fryske taal fan natuere in soarte fan melody. Harkje mar ris nei in Tsjêbbe Hettinga, dan wit men krekt wat ik bedoel. Mei it Frysk skriuwen haw ik in doar iepene nei in keamer dêr’t ik noch net earder west hie. No’t ik wit dat dy romte bestiet, sil de doar altyd op in kier stean bliuwe”, fertelt hy op de webside fan 3voor12.nl.