Nij by Liet: crossovers

Liet is úteinset mei har nije crossover-projekt wêrby’t acht bekende Fryske artysten fjouwer nagelnije Frysktalige komposysjes skriuwe en opfiere. It earste duo Wiebe Kaspers en Esther de Jong hienen de primeur. It duet fan dit duo wie foar it earst te hearen yn it Omrop Fryslân-programma Noardewyn. Ynkoarten gean ek de crossover-komposysjes fan ûnder oaren de Woe Blind Birds en operasjongeres Elizabeth Kooy yn première. De lieten sillen ek allegearre live opfierd wurde ûnder de finale fan Liet op freed 15 novimber oankommend.

Sjoch hjir de útstjoering fan Noardewyn fan 30 augustus lêstlyn.