Nije datum foar finale Liet 2021

De finale fan Liet 2021 wurdt holden op woansdei 17 novimber yn Neushoorn yn Ljouwert. Earst wie it plan om de finale op 19 novimber te organisearjen, mar nei oerlis is besletten om de finale twa dagen nei foaren te heljen. De ynskriuwing foar artysten is yntusken los.

De ynskriuwing slút op moandei 26 july. Dêrnei beslút de seleksjesjuery hokker kandidaten oft meidwaan meie oan de foarronde by Omrop Fryslân. Dat sil ein septimber/begjin oktober wêze. Fansels giesto derfan út datst selektearre wurdst, dat hâld dêr rekken mei. De krekte data wurde sa gau as mooglik bekend makke.

Ut dy foarronde by Omrop Fryslân komme yn totaal acht finalisten. Dy wurde bepaald troch de seleksjesjuery en publyksstimmen. De acht finalisten dogge mei oan de finale fan Liet op 17 novimber. Om jim dêr goed op tariede te kinnen, fersoargje wy yn de oanrin nei 17 novimber noch in workshop foar alle 12 selektearren. Dêr krije jim letter mear ynformaasje oer.

De winner fan de finale kwalifisearret him foar Liet International op 13 maaie 2022 yn it Deenske Tønder.

Lês foar de ynskriuwing hjir it reglemint troch.