Publyksstimming Liet 2021 set útein

Alve akts noch yn ‘e race foar finale

It Fryske publyk kin fan moandei 4 oktober ôf online in stim útbringe op ien fan de alve akts dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2021.

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op woansdei 17 novimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De twa akts mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearje harren streekrjocht foar de finale. It publyk kin hjir stimme. Klik ek op de link om de optredens fan de nominearren te besjen.

Of gean fuortendaliks nei de ôfspyllist op YouTube mei fideo’s fan de alve nominearren. 

De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch in seleksjesjuery, besteande út Bob de Boer, Ella de Jong, Sigrid Kingma, Nick Veenstra en Wytse Dijkstra.

“We ha in dreech jier achter de rêch hân, dat jildt ek foar de muzikanten”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet. “Mar de muzikanten ha net stil sitten, blykt út de ynstjoeringen. We binne der wiis mei dat de Fryske muzyk libbet.”

De digitale stimming is iepen oant 18 oktober. De acts dêr’t op stimd wurde kin, binne Adri de Boer, Sequens, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, Samar Watt, Bron, Foute Bull, Jan Venema, Volk!!, 2nd TRY en Rene de Jong, Lars Mulder en band.

Van der Veer: “Foarich jier brochten de ynwenners fan Fryslân goed 2.400 stimmen út, dat wie sa’n 20% mear as it jier dêrfoar. In goed teken en we hoopje dat de groei trochset.”

De kaartferkeap foar de finale fan Liet 2021 set ynkoarten útein fia Neushoorn.