Reglemint dielnimmers Liet

Kritearia foar ynstjoering
Dyn ynstjoerde lûdopname is in orizjineel nûmer yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen fan op syn meast 4 minuten. Do begeliedst dysels of litst dy begeliede troch muzikanten. De opname moat te ferlykjen wêze mei de úteinlike poadiumpresintaasje.

De opname moat in reedlike kwaliteit hawwe, dy’t de sjuery in goede yndruk jout fan it nûmer en de band/artyst. It hoecht noch gjin studiokwaliteit te wêzen, mar de sjuery moat de opname wol goed belústerje kinne op muzikaliteit, tekst en komposysje.

Ynskriuwe
Dielnimmers presintearje har as soloartyst of mei band oan de hân fan in audio- of fideo-opname fan it nûmer. De opname wurdt as taheakke (mp4 of mov) taheakke. Ynskriuwe dogge je troch op de webside it ynskriuwformulier alhiel yn te foljen en de frege bestannen ta te foegjen.

Seleksje
De ynstjoerde opnamen wurde beoardiele troch in seleksjesjuery. Dat docht de seleksjesjuery op basis fan de neikommende kritearia:
– De kwaliteit fan de muzyk;
– De kwaliteit fan de tekst;
– De algemiene yndruk fan de ynstjoering.

By foldwaande opjeften makket de seleksjesjuery in foarseleksje. Maksimaal fyftjin akts wurde talitten ta de folgjende omgong, der’t it publyk troch in stimming op www.liet.frl twa akts in “wildcard” foar de finale takenne kin. De oare acht finalisten wurde troch de seleksjesjuery keazen.

Alle akts dy’t de foarseleksje trochkomme en meidogge oan de digitale publyksstimming binne ree om oan live-útstjoeringen fan Omrop Fryslân mei te wurkjen.

Kosten
De organisaasje sil gjin gaazjes foar de optredens útbetelje. Reis- en ûnkosten binne foar de dielnimmers sels. De organisaasje hat soarch foar it oanbieden fan de byhearrende produksje en publisiteit.

De line-up
Yn de finale is de organisaasje fan Liet ferantwurdlik foar de line-up.

Apparatuer/backline
Dielnimmers meitsje gebrûk fan de backline fan de organisaasje fan Liet. Allinne nei oerlis oer en ynstimming fan de organisaasje kin gebrûk makke wurde fan in eigen backline. Dat fersyk moat 15 dagen foar de finale yntsjinne wêze by de organisaasje fan Liet.

Sjuery
In saakkundige faksjuery hifket de optredens yn de finale fan it festival Liet. De sjuery hantearret dêrby wer de kritearia: kwaliteit fan de muzyk, kwaliteit fan de tekst en de algemiene yndruk. By de finale wurdt it optreden en de poadiumpresintaasje ek meinommen.

Prizen
De sjuerypriis wurdt bepaald troch de faksjuery.

Njonken ivige eare binne der de oare prizen te winnen:
1. De winner kriget de mooglikheid om in profesjonele registraasje te meitsjen fan in nûmer.
Opsjoneel: As binnen in jier nei de finale in Liet International organisearre wurdt dan wurdt de winner fan Liet fuort pleatst yn de ynternasjonale finale. De winner kin yn dat gefal rekkenje op in profesjonele begelieding op wei nei Liet International.
2. Der wurdt in tekstpriis útrikt.
3. Nei de ferkiezing troch de dielnimmende muzikanten wurdt der in muzikantenpriis útrikt.

Rjochten
De dielnimmers binne akkoart mei it brûken fan byld- en lûdsopnames troch Stifting Liet ‘91, dy’t troch de Stifting rjochte-frij brûkt wurde kinne foar publisiteitsdoelen.

De ynformaasje dy’t de dielnimmers oan Stichting Liet ’91 jouwe, mei brûkt wurde foar publisiteitsdoelen op bygelyks de sosjale mediakanalen fan Liet.

De dielnimmers ferklearje en garandearje dat de teksten en/of komposysjes gjin ynbrek op it auteursrjocht of oar rjocht fan tredden meitsje.

It bestjoer fan Stifting Liet ’91 bliuwt einferantwurdlik foar alle (hjir boppeneamde) ûnderdielen fan de finale fan Liet. Oer de útslach wurdt net briefke.

FINALE DAG! 🤩 | Vanavond nemen 10 fantastische finalisten het tegen elkaar op tijdens de finale van Liet 2019 in Neushoorn! Je kunt genieten van optredens van: 💥 Broken Brass Ensemble + Aart Lus & Ed Lip 💥 Woe Blind Birds + Elizabeth Kooy 💥 Leonard Ford + Marcel Smit 💥 WIEBE + Esther de Jong 💥 Twarres Nog geen tickets? Bestel dan snel via bit.ly/tickets-liet en mis dit spektakel niet! (Beeld: @Neushoornlwd) . . . . #liet2019 #finale #frysksjongfestivalliet #songfestival #festival #neushoorn #leeuwarden #fryslan #friesland #frysk #poppodium #finalisten #artiesten #twarres #muzyk #muziek #live #optreden #tickets #brokenbrassensemble #woeblindbirds #twarres #elizabethkooy #aartlusedlip #wiebe #marcelsmit #leonardford #estherdejong

We zijn al druk bezig met het opbouwen van het podium in @NeushoornLwd! Wie zien we morgen bij de finale van Liet?! 😀 Ticketlink in bio! . . . . #liet2019 #finale #neushoorn #leeuwarden #ljouwert #friesland #fryslan #poppodium #artiesten #finalisten #podium #opbouw #optreden #songfestival

Leuk nieuws! Twarres, van onder andere het nummer ‘Wêr bisto’, gaat de finale van Liet op een historische manier openen! En dat niet alleen, want Twarres wordt ook nog eens ondersteund door het Fries Jeugd Orkest. Niet alleen wij, maar ook Mirjam en Kristian van Twarres hebben er heel veel zin in. “It wurdt in moai feestje!” Wil jij Twarres (en vele andere geweldige artiesten) live zien? Wacht dan niet langer en koop je ticket voor de finale NU via bitly.com/tickets-liet! 💥 . . . . #twarres #werbisto #finale #liet #liet2019 #neushoorn #leeuwarden #ljouwer #fries #frysk #frysksjongfestival #songfestival #friesland #fryslan #muzyk #muziek #live #finalist #festival

FINALIST 10 – Sequens – ‘Do bist frij’ (Frysk hjirûnder) NL / De laatste artiest in het rijtje van geweldige Liet finalisten is Sequens. Met het nummer ‘Do bist frij’ wordt een heftig onderwerp aangesneden. Angeline vertelt: “Het nummer gaat over een jong meisje dat ontsnapt is uit handen van een loverboy, doordat ze uiteindelijk zelf de moed heeft hulp te zoeken om haar vreselijke geheim te vertellen. Wat volgt is het verwerkingsproces, maar ook de wil en drang naar een nieuw begin.” ‘Do bist frij’ is een verdrietig item dat uit het leven is gegrepen. “Daar mag best even de aandacht op gelegd worden. Maar we zingen ook over onderwerpen die we zien, horen en beleven. Zoals liefde, verlangen en vrolijkheid.” Wil je dit aangrijpende nummer live horen? Wacht dan niet langer en koop je ticket voor de finale van Liet nu voor €14,- via de link in de bio! 😀 ---- FRYSK / De lêste artyst yn it rychje fan geweldige Liet finalisten is Sequens. Mei it nûmer ‘Do bist frij’ wurdt in dreech ûnderwerp oansnien. Angeline fertelt: “It nûmer giet oere in jong famke dat ûntsnapt is út de hannen fan in loverboy, trochdat sy úteinlik de moed opbrocht hat om help te sykje en har ferskriklike geheim te fertellen. Wat folget is it ferwurkingsproses, mar ek it wollen en it driuwen nei in nij begjin.” ‘Do bist frij’ is in fertrietlik diel fan it libben. “Dêr mei bêst even oandacht oan jûn wurde. Mar we sjonge ek oer ûnderwerpen dy’t wy sjogge, hearre en belibje. Sa as de leafde, it langjen en fleur.” Wolst dit oangripende nûmer live hearre? Wachtsje dan net langer en keapje dyn kaartsje foar de finale fan Liet 2019 no foar €14,- fia bit.ly/tickets-liet! 😀 . . . . #liet #liet2019 #finalist #frysksjongfestivalliet #neushoorn #leeuwarden #festival #ljouwert #friesland #fryslan #sequens #dobistfrij #lied #muziek #muzyk #fries #frysk #tickets #finale #verhaalachterhetnummer

FINALIST 9 / Dirk muzyk - Spirit of Rap movement – ‘Gearwurking’ (Frysk hjirûnder) NL / Dirk muzyk raakt met Dizze Dagen/Gearwurking letterlijk een gevoelige snaar. Dirk vertelt: “Het nummer gaat over de waarneming van de periode hier in Friesland. Het stelt aan de kaak wat er gebeurt, en stelt vragen over nieuwe manieren om ernaar te kijken. Het onderwerp raakt me in het hart. De betekenis van het nummer is voor mij de essentie, een samenvatting en de verklaring, expressie en openstelling voor de uitdaging. Het is een heel fijn vervaardigd nummer met verschillende betekenislagen. Ik hoop dat het mensen helpt zich open te stellen. Dat ze geïnspireerd raken en veel veranderen. Dat we hier op aarde weer diep begrip creëren. Dat we er onze tanden in zetten en zeggen ‘en nu gaat het anders'. Sta jij net als wij te popelen om Dirk muzyk het podium van Neushoorn te zien bestormen tijdens de finale van Liet? 🎸Bekijk al een voorproefje via http://bit.ly/Dirk-muzyk. Koop je tickets voor maar €14,- via bit.ly/tickets-liet!😍 FRYSK / Dirk Muzyk rekket mei Dizze Dagen/Gearwurking letterlik in teare snaar. Dirk fertelt: “It nûmer gjit oer de observaasje van dizze perioade hjir yn Fryslân. De stelt oan ‘kaak wat der bart. En stelt frachen oer nije wizen om der nei te sjin. It underwerp gjit my oan it hert. It nummer betekend foar mei it kernwesen, in samenvatting en de útsprekking, ekspresje en iepestelling foar de utdaging. It is in hiel fijn utwurke nummer mei differse lagen yn betsjutting. Ik hoap dat it minsken helpt har iepen te stellen. Dat se sich ynspirearje litte en de kop derfoar sette om in hiel soad feroaring te bringen. Dat we djip begrip kreëre wer wer hjir op ierde mei dwaande binne. Dat we uzze tosken deryn sette en sizze ‘blikstjinder en no gjit it oars’. Stiest krekt as ús te popeljen om Dirk Muzyk it poadium fan Neushoorn bestoarmje te sjen ûnder de finale fan Liet 2019?🎸 Sjoch alfêst nei in foarpriuwke fia http://bit.ly/Dirk-muzyk. Keapje dyn kaartsjes foar mar €14,- fia bit.ly/tickets-liet! 😍 . . . . #liet #liet2019 #finalist #frysksjongfestivalliet #neushoorn #leeuwarden #festival #ljouwert #friesland #fryslan #dirkmuzyk #spiritofrapmovement #ge