Reglemint en kritearia ynskriuwing Liet

Kritearia foar ynstjoering
Dyn liet is in orizjineel nûmer yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen fan op syn meast 3 minuten. Op de datum fan de finale mei it nûmer net langer dan in jier publisearre wêze. Do begeliedst dysels of litst dy begeliede troch muzikanten. 

De yn te stjoeren fideo-opname moat in reedlike kwaliteit hawwe, dy’t de sjuery in goede yndruk jout fan it nûmer en de band/artyst. It hoecht noch gjin studiokwaliteit te wêzen, mar de sjuery moat de opname wol goed belústerje kinne op muzikaliteit, tekst en komposysje. De opname moat te ferlykjen wêze mei de úteinlike poadiumpresintaasje.

De fideo-opname mei maksimaal 2 minuten duorje en moat opnaam wurde yn landscape-byld.

Alle muzikanten moatte minimaal 16 jier wêze.

Ynskriuwe
Dielnimmers presintearje har as soloartyst of mei band oan de hân fan in fideo-opname fan it nûmer. De opname wurdt as taheakke meistjoerd. Ynskriuwe dogge je troch op de webside it ynskriuwformulier alhiel yn te foljen en de frege bestannen ta te foegjen, foar de falbile fan tiisdei 1 augustus.

Seleksje
De ynstjoerde opnamen wurde beoardiele troch in seleksjesjuery. Dat docht de seleksjesjuery op basis fan de neikommende kritearia:
– De kwaliteit fan de muzyk;
– De kwaliteit fan de tekst;
– Fernijing/ynnovaasje fan it nûmer;
– De algemiene yndruk fan de ynstjoering.

By foldwaande opjeften makket de seleksjesjuery in foarseleksje. Maksimaal 12 akts wurde talitten ta de folgjende omgong, dêr’t it publyk troch in stimming op www.liet.frl 1 wildcard útdiele kin. Yn totaal gean 8 akts nei de finale.

Alle akts dy’t de foarseleksje trochkomme en meidogge oan de digitale publyksstimming binne ree om oan live-útstjoeringen fan Omrop Fryslân mei te wurkjen.

Kosten
De organisaasje sil gjin gaazjes foar de optredens útbetelje. Reis- en ûnkosten binne foar de dielnimmers sels. De organisaasje hat soarch foar it oanbieden fan de byhearrende produksje en publisiteit.

De line-up
Yn de finale is de organisaasje fan Liet ferantwurdlik foar de line-up.

Apparatuer/backline
Foar optredens by Omrop Fryslân wurdt mei ferskate backlines en soundchecktiden wurke. Solisten en duo’s wurkje mei in lytse backline en soundchecke krekt foar of ûnder it programma. By lytse bands wurdt mei in akoestyske set wurke (sûnder drumstel). En by guon gruttere bands kin in folsleine backline brûkt wurde, mar dit giet yn oerlis. De tiden foar de soundchecks wurde letter bekend makke.

By de finale op 12 oktober meitsje de dielnimmers gebrûk fan de backline fan de organisaasje fan Liet. De soundcheck sil ferdield wurde oer 11 en 12 oktober, en mei mooglik ek in folsleine trochrin op 12 oktober. Allinne nei oerlis oer en mei ynstimming fan de organisaasje kin gebrûk makke wurde fan in eigen backline. Dat fersyk moat uterlik 15 dagen foar de finale yntsjinne wêze by de organisaasje fan Liet.

Sjuery
In saakkundige faksjuery hifket de optredens yn de finale fan it festival Liet. De sjuery hantearret dêrby wer de kritearia: kwaliteit fan de muzyk, kwaliteit fan de tekst en de algemiene yndruk. By de finale wurdt it optreden en de poadiumpresintaasje ek meinommen.

Dêrneist kin it publyk ek syn/har stim útbringe, it totaal fan dizze stimmen jildt dan as 1 ekstra sjuerylid.

Prizen
De sjuerypriis wurdt bepaald troch boppeneamde sjuery.

Njonken ivige eare binne der de oare prizen te winnen:
1. Dielname oan it Regio Songfestival op 4 novimber 2023. En in profesjonele registraasje fan it winnende liet.
2. In tekstpriis fan € 250,-.

Opsjoneel: As binnen in jier nei de finale in Liet International organisearre wurdt dan wurdt de winner fan Liet fuort pleatst yn de ynternasjonale finale. De winner kin yn dat gefal rekkenje op in profesjonele begelieding op wei nei Liet International. 

Rjochten
De dielnimmers binne akkoart mei it brûken fan byld- en lûdsopnames troch Stifting Liet ‘91, dy’t troch de Stifting rjochte-frij brûkt wurde kinne foar publisiteitsdoelen.

De ynformaasje dy’t de dielnimmers oan Stichting Liet ’91 jouwe, mei brûkt wurde foar publisiteitsdoelen op bygelyks de sosjale mediakanalen fan Liet.

De dielnimmers ferklearje en garandearje dat de teksten en/of komposysjes gjin ynbrek op it auteursrjocht of oar rjocht fan tredden meitsje.

It bestjoer fan Stifting Liet ’91 bliuwt einferantwurdlik foar alle (hjir boppeneamde) ûnderdielen fan de finale fan Liet. Oer de útslach wurdt net briefke.