Satelliet húskeamerkonserten

Jack Bottleneck en Stonecrobs haadakts

Liet presintearret: Satelliet húskeamerkonserten yn Aldebiltsyl en Grou

As ûnderdiel fan de nije Liet-organisaasje begjint yn oktober in nij ûnderdiel: Satelliet. Yn twa spesjale húskeamertours troch Aldebiltsyl en Grou binne yn trije húskeamers jong Fri(e)s talint te hearren. Ek trede dichters fan dichterskollektyf Rixt yn ien fan de húskeamers op. De fergese rûte wurdt ôfsletten mei in gruttere akt.

De húskeamertours binne op 4 en 11 oktober. Op beide freedtejûnen kinne maksimaal 100-120 persoanen oanslute. De tours binne fergees, oan it ein fan de jûn wurdt de besikers om in eigen bydrage frege.

Graach oanmelde fia dizze link.

Yn Aldebiltsyl is in bûnt selskip oan âld-Lietwinners te sjen, de winners fan 2012, 2015 en 2018 trede op.

Yn Grou treedt jong talint op yn bysûndere lokaasjes, ûnder oaren in túnmeubelsaak, in B&B en in âld tsjerkje.

Foar beide rûtes is it sammeljen tusken 19:30 en 20:00. Yn Aldebiltsyl (4 oktober) is it plak hjirfoar Aerden Plaats, haadakt de Stonecrobs treedt dêr fan 22:30 oere ôf op. Yn Grou begjint de rûte by Grootcafé Treemter. Haadakt Jack Bottleneck treedt hjir fan 22:30 oere ôf op.

 

4 oktober

Haadakt Stonecrobs (winner Liet 2018) yn Aerden Plaats yn Aldebiltsyl.

Yn de húskeamers:

  • Graauwe Paard: de twa froulike dichters Janneke Spoelstra (Oude Leije) en Carla van der Zwaag (it Hearrenfean) fan dichterskollektyf Rixt
  • Neeltjes schuur: Marit en Pa (Marit & Nigel, winner Liet 2015)
  • Kerkje bij Simone: J.A.N. (fuortsetting fan Yldau, winner Liet 2012)

 

11 oktober

Haadakt Jack Bottleneck yn Grootcafé Treemter yn Grou.

Yn de húskeamers:

  • Sintrum Grou: Leonard Ford
  • Túnmeubelsaak de Werpsterhoeke: Chris Egbers
  • Vakantiestudio Grou: de dichters Edwin de Groot en Dirk Geerdink fan dichterskollektyf Rixt