Skriuw dy no yn foar Liet 2018

Do kinst dy hjirûnder oanmelde foar Liet 2018. Dit jier is de finale op snein 13 maaie yn Neushoorn.

Nijsgjirrich om te fermelden, op sneon 17 maart organisearje wy, ek yn Neushoorn, in spesjale ‘workshopdei’ wêrop de dielnimmer help en advys fan professionals út it fak krije kinne by it skriuwen, oersetten, of fierder ûntwikkeljen fan it nûmer/liet wer’t se it poadium mei op wolle. De workshops steane ûnder lieding fan Jan Tekstra, bystien troch kollega-professionals út it fak. Hjir moast dy apart foar oanmelde.

Nei dizze dei hawwe de dielnimmers noch in pear wike de tiid om in filmke (fideoclip) fan harren nûmer te meitsjen dy’t se foar 6 april ynstjoere moatte, want op dy datum slút de ynskriuwing.

Hjirûnder jousto dêrom op dit stuit allinne oan datsto graach meidwaan wolst oan Liet 2018. Hast wol al in filmke, dan meist dêrfan fansels al in link diele. Hast noch gjin filmke, dan kinst dizze noch oant 6 april ynstjoere.

Oanmelde Liet

  • By foarkar sûnder rjochten, oars namme fan fotograaf yn de foto opnimme.
  • :

 

Workshopdei is los!