Skriuw dy no yn foar Liet 2019

Do kinst dy hjirûnder oanmelde foar Liet 2019. Dit jier is de finale op snein 17 november yn Neushoorn te Ljouwert.

Nijsgjirrich om te fermelden, op sneon 18 maaie organisearje wy, ek yn Neushoorn, in spesjale ‘workshopdei’ wêrop de dielnimmer help en advys fan professionals út it fak krije kinne by it skriuwen, oersetten, of fierder ûntwikkeljen fan it nûmer/liet wer’t se it poadium mei op wolle.  Do kinst do dêrfoar oanmelde asto ynskriuwt foar Liet, mar do kinst do ek allinne oanmelde foar de workshop.

Nei dizze workshop hasto as dielnimmer noch in pear wiken de tiid om in nûmer en in filmke (fideoklip) te meitsjen dysto foar 1 july moat ynstjoere, want op dy datum slút de ynskriuwing.

Hjirûnder jouso dêrom op dit momint allinne oan datsto graach wolst meidwaan oan Liet 2019. Hasto wol al in liet en/of in filmtke, dan mei dyn fansels alfêst ynfolje op it ynskriuwformulier. Hasto noch gjin liet en in filmke, kinsto dizze noch oant 1 july ynstjoere.

Oanmelde Liet

  • By foarkar sûnder rjochten, oars namme fan fotograaf yn de foto opnimme.
  • :

 

Workshopdei is los!