SJOCHTIP: Hûskeamerkonsert mei nije Fryske muzyk

Hoe sit it eins mei de Fryske taal yn de muzykwrâld? Wurdt der noch muzyk yn it Frysk makke, en troch wa?

Op 14 augustus om 20.00 oere harkje we by it hûskeamerkonsert De Friese Nieuwe nei nije Frysktalige muzyk fan Douwe Dykstra en crossover-duo’s ZEA & Dina en Bobby Choco & Huub Prins. Yn april stienen se allegear noch yn Neushoorn foar Liet 2020+1.

By De Friese Nieuwe litte se har muzyk hearre. En ûnder lieding fan Wytse Dijkstra prate se oer de rol, kânsen en beheiningen fan de Fryske taal yn de muzyk.

De Friese Nieuwe wurdt organisearre troch Tresoar yn gearwurking mei Explore the North en Liet. Dat bart yn Etalage, it simmerprogramma yn Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Dit evenemint is allinnich te folgjen mei in livestream. Sjoch dus sneon 14 augustus om 20.00 oere nei de livestream fan De Friese Nieuwe op ús Facebookpagina!