Skriuw dy no yn foar Liet 2021!

Wy hoopje op 17 novimber 2021 wer in nije edysje fan Liet organisearje te kinnen. Do kinst dy no hjirûnder ynskriuwe. Doch dat wol foar woansdei 1 septimber, dan slút de ynskriuwing en sil de seleksjesjuery sjen hokker kandidaten meidwaan meie oan de foarronde by Omrop Fryslân.

Krekt as ôfrûne jierren mei in oantal selektearren live optrede by Omrop Fryslân. Dat sil ein septimber/begjin oktober wêze. Fansels giesto derfan út datsto selektearre wurdst, dat hâld dêr rekken mei. De krekte data wurde sa gau as mooglik bekend makke.

Ut dy foarronde by Omrop Fryslân komme, oan de hân fan in kombinaasje fan de seleksje fan de seleksjesjuery én de publyksstimmen nei oanlieding fan jim live-optreden, yn totaal 8 finalisten. Dy meie op woansdei 17 novimber meidwaan oan Liet 2021. Om jim dêr goed op tariede te kinnen, fersoargje wy yn de oanrin nei 17 novimber noch in workshop foar alle 12 selektearren. Dêr krije jim letter mear ynformaasje oer.

Lês foar de ynskriuwing hjir it reglemint troch.