Stim no op 1 fan de 15 nominearren foar Liet 2018

De faksjuery fan Liet, ûnder foarsitterskip fan Jan Tekstra, hat de seleksje fan 15 dielnimmers dy’t trochgean nei de folgjende ronde fan Liet 2018 bekend makke.

Fan moandeitemiddei 16 april ôf kin it publyk fia de webside www.liet.frl har stim útbringe. Op 30 april wurdt bekend makke hokker 10 finalisten úteinlik op 13 maaie 2018 yn de finale fan Liet 2018 stean.

De 15 nominearren binne:
Albert van der Tuin
Another Time
Astrid en Else
Berend Riemersma
Changed
Days to Imagine
Else
Klaske
Lammert
Lammy Bruyns & Friends
Moniek Sings
Sequens
Stonecrobs
Tjonger
Toussaint

Omrop Fryslân sil de kommende twa wiken eltse dei yn har muzykprogramma’s oandacht besteegje oan de nominearren. De winner fan de finale fan Liet 2018 is fersekere fan dielname oan Liet International 2018 XXL, dat op 23 maaie plakhat. Beide finales wurde organisearre yn Neushoorn.

Workshopdei is los!