Trettjin dielnimmers nei twadde ronde Liet 2020

Nij nijs! De trettjin dielnimmers dy’t troch binne nei de twadde ronde fan Liet binne bekend. Hjir binne de nammen:

Douwe Dijkstra
Duo Dronkers & Alinda
Vocal Roses
Sample Text
Bant
Fegebart
Fryaz
Fisk & The Stereo Machine
Janneke de Boer
Jilt & Bruno
Volk!!
Bokke en de Heidehippers
Mosken

Dizze seleksje is troch ús sjuery makke út yn totaal 22 ynstjoeringen. Hjirfan bliuwe wer acht akts oer dy’t meidogge oan de finale op freed 6 novimber yn Neushoorn. De seleksjesjuery bestiet út Esther de Jong, Wim Brons en Willo de Bildt.

Fan begjin oktober ôf kin der troch it publyk stimd wurde op de akts. De twa akts mei de measte stimmen gean streekrjocht troch nei de finale. De oare seis finalisten wurde selektearre troch de sjuery.

De kommende moanne trede alle akts live op yn it muzykprogramma Noardewyn by Omrop Fryslân radio & tv. Ek wurde sy keppele oan muzykcoach Janneke Brakels om te wurkjen oan harren optreden foar de finale.

“Der is dit jier in soad ferskaat wat ynstjoerings oanbelanget”, neffens Liet-foarsitter Gerard van der Veer. “Njonken tradisjonele ferskes sjogge wy dat dielnimmers ek wat mear it eksperimint sykje. In moaie ûntjouwing.”

Yn de finale sille fiif nije sjueryleden de beoardieling foar harren rekken nimme. De muzyk fan alle akts is letter fia dizze side en ús sosjale media te hearren.