Fakatueren: Liet siket nije ponghâlder en producer

Hasto in hert foar muzyk en bisto ek sa ferknotte oan it Fryske Liet? Krijsto enerzjy fan it mei in leuke groep minsken wat op te bouwen? Dan sykje wy dy!

It Fryske sjongfestival Liet hat in nije rjochting naam: neist it sykjen nei nij Frysk muzyktalint, sykje we ek nei de fernijing yn de Fryske popmuzyk. Sa organisearje we neist it bekende Liet-festival ek workshops, húskeamerkonserten en in unyk crossover-programma mei bekende popakts sa as Broken Brass Ensemble ft. Ed Lip en Aart Lus, Wiebe Kaspers & Esther de Jong, Woe Blind Birds & Elizabeth Kooy, Marcel Smit & Leonard Ford.

As organisaasje fan dizze eveneminten sette we dizze nije koers troch. Dêrfoar sykje we fersterking foar ús bestjoer. We sykje in ponghâlder en in producer.

Fakatuere bestjoerslid finânsjes/ponghâlder

Mei yngong fan 1 febrewaris 2021 siket Liet in nije ponghâlder. Dit wurdt fan dy ferwachte:

  • Bewekkest en makkest de begrutting;
  • Fierst de finansjele administraasje;
  • Fersoargest de finansjele bylagen by de oanfraach fan subsydzjes by ferskate subsydzjejouwers en fûnsen;
  • Bist it oansprekpunt foar it administraasjekantoar;
  • Hast affiniteit mei en ûnderskriuwst de doelstelling fan de Stichting Liet ’91;
  • Bist ree in bydrage te leverjen oan de mienings- en beslútfoarming fan it bestjoer en bist yn it bysûnder in goed sparringspartner wat dyn portefúlje oanbelanget;
  • Bist yn steat om kreatyf en ‘out-of-the-box’ te tinken;
  • Hast in ‘hands on’-mentaliteit en bist ree om (by gelegenheid) ek sels praktyske saken foar Liet út te fieren, lykas by de festivals;
  • Hast in sûn gefoel foar humor.

Ast ynteresse hast of mear witte wolst oer dizze funksje, dan kinst kontakt opnimme mei de ponghâlder fan no, Geert Dantuma (06 13 91 93 74), of mei foarsitter Gerard van der Veer (info@gerardvanderveer.com). Kinst ek in mailtsje stjoere nei penningmeesterliet@gmail.com.

Fakatuere producer

Yn de tarieding nei de finale moat der in soad barre: ynskriuwing fan muzikanten, seleksjesjuery en sjuery ynstruearje, oerlis mei stagemanager en technisy, lokaasje regelje, workshop(s) organisearje, oerlis mei Omrop Fryslân, parseberjochten skriuwe en ferstjoere en gean sa noch mar even troch.

Om ús by dy put te helpen sykje wy in frijwilliger dy’t in soad nocht hat oan organisearjen en goed gearwurkje kin yn in lyts team. Asto Frysk skriuwe kinst, is dat in grut foardiel.

Wolsto ús hjirby stypje? Fansels kinne wy ús yntinke datst earst noch in tal fragen hast, dêrfoar kinst kontakt opnimme mei Tjallien Kalsbeek fia tjallienkalsbeek@outlook.com.

Doelstelling fan de stichting

De stichting Liet’91 hat as doel om nije Frysktalige muzyk te befoarderjen en te promoatsjen en om it Frysktalige repertoire in kwaliteitsympuls te jaan. Liet organisearret dêrta ûnder oare alle jierren in wedstriid foar it bêste en meast orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. De winner fertsjintwurdiget Fryslân op Liet International, it Europeeske songfestival foar minderheidstalen dat alle twa jierren plakfynt.