We binne hast safier!

Noch hiel even wachtsje! Sneon om 19:30 begjint de finale fan Liet 2020+1 yn Neushoorn. Acht finalisten én trije crossover-duo’s fersoargje de muzikale jûn.

De acht finalisten, dy’t har ferline jier al kwalifisearren, dogge mei foar de Tekstpriis en de Sjuerypriis. De finalisten binne Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.

En dêrnjonken sette we dus it suksesfolle crossover-programma troch. Bekende artysten fiere yn duo’s selsskreaune nagelnije Frysktalige komposysjes foar it earst út. De duo’s dy’t optrede sille yn de finale binne Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & DINA en Huub Prins & Bobby Choco.

Spitigernôch kin der dit jier fanwege de coronaregels gjin publyk by wêze, mar leafhawwers hoege neat te missen! Omrop Fryslân stjoert de finale live út op telefyzje, op de webside en op de app.