De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2023 is dizze wike iepene. Muzikanten dy’t meidwaan wolle, kinne foar moandei 3 july in orizjineel liet ynstjoere. It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. Ynskriuwe foar Liet 2023 kin fia de site www.liet.frl. Hjirmei is de saneamde ‘call for songs’ fan start.
De finale fan Liet fynt plak op tongersdei 19 oktober 2023 yn poppoadium Neushoorn te Ljouwert.
It sjongfestival hat ek dit jier ien foarwedstriid. Ut de ynstjoeringen beoardielet in faksjuery hokker 15 lieten harren hjirfoar kwalifisearje. Fan dizze 15 kandidaten wurde filmkes op de webside fan Liet pleatst en it publyk kin hjir op stimme. De 8 lieten mei de measte stimmen gean troch nei de finale fan Liet 2023. “Wy hoopje dat de fryske muzikanten wer in soad ynspiraasje ha en moaie nije lieten skriuwe en dy mei ús diele”, seit produksjelieder Tjallien Kalsbeek.
Neist de 8 finalisten trede ûnder Liet ek in oantal bekende Fryske muzykakts op foar it cross over-programma fan Liet. Yn keppels fan twa gean dizze akts nije Fryske lieten skriuwe en opfiere. Neffens Liet-foarsitter Frans Veltman binne de minsken grutsk op’e Fryske taal: “Dat kinst sjen troch dat er in soad Frysk skreaun wurdt op social media as Facebook. It Frysk fertsjinnet in plak op it poadium. Liet wol Fryske musikanten útdaagje om hjir op yn te spyljen en harren hjirfoar in poadium te bieden”. De winner van Liet sil Fryslân fertsjinwurdigje op Liet International. Liet International stiet plant foar 2024.