Mused

Mused is in jonge fiifkoppige band dy’t fan Ryptsjerk út spilet. Neist covers groeit it eigen repertoire stadich. Betingst foar de nûmers is dat tekst en muzyk reitsje en dat der in soad wille is by it spyljen.

En sa is BUS 51 ek ûntstien. Spontaan, troch lekker mei-inoar te jammen. De tekst kaam der al freewheelend tuskentroch en it lietsje stie daliks as in hûs. It is in echte fleurige hit dy’t lekker yn it gehoar leit.

It ôfrûne jier spile Mused û.o. mei de Poalske band Kroke. Ha de leden bydroegen oan de muzikale stipe fan de tonielfoarstellings fan ‘Yn it skaad fan ‘e toer’ yn Ryptsjerk en wiene se twa dagen te hearren en te sjen ûnder it ‘maitiidsevenemint’, in kulturele kuiertocht