Liet

Stifting Liet '91

Sûnt 1991 wurdt jierliks it Fryske sjongfesitval Liet organisearre. De finale fan Liet hat altiten plak fûn yn Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân. Betingst foar dielname oan Liet is dat de tekst fan it nûmer fan de dielnimmende artyst yn it Frysk is of yn ien fan de yn Fryslân sprutsen streektalen.

It folsleine reglemint is hjir te finen.

In faksjuery rikt de sjuerypriis út. Sûnt 2018 is hjir in tekstpriis oan taheakke. De winner fan de sjuerypriis fan Liet 2019 mocht yn 2020 dielnimme oan de finale fan Liet International yn it Deenske Aabenraa, mar dat gong fanwegen it koroanafirus net troch.

Eardere Liet-winners

De bekendste Liet-winner is it duo Twarres, dy’t yn 1999 de publykspriis wûn hat mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit ’Wêr bisto?’. Oare yn en bûten Fryslân bekende winners binne Nynke Laverman, Sebeare en Adri de Boer. Yn 2011 wûn de Fryske sjongeres Janna Eijer de finale fan Liet International yn Udine (Itaalje). Yn 2015 waarden Marit & Nigel twadde yn de finale fan SUNS Europe, op ‘e nij yn Udine (Itaalje). Yn 2016 wûn Aafke Zuidersma mei it prachtige nûmer Minsk fan wearde. Sy waard yn april 2017 twadde op it poadium fan Liet International yn Kautokeino (Noarwegen).

Talintûntwikkeling

Liet wol in bydrage leverje oan talintûntwikkeling. Dêrom organisearje we foar ús dielnimmers ferskate workshops. In diel derfan is ek tagonklik foar ynteressearren dy’t faaks noch net ta binne oan dielname, mar wol leare wolle fan professionals. De workshops stean ûnder tafersjoch fan Liet sjueryfoarsitter Jan Tekstra.