De muzikale talintejacht foar muzyk yn it Frysk of in streektaal yn Fryslân
ArtystenDe finale fan Liet 2020 yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert giet freed 6 novimber net troch. Troch it tanimmend tal koroanabesmettingen en de nije strange maatregels sjocht it bestjoer fan Liet gjin mooglikheid de finale noch feilich en folweardich te organisearjen. As de situaasje wer ferbettere is, sil in nije gaadlike datum foar it Fryske sjongfestival socht wurde.
Lokaasje | Neushoorn |
Seal iepen | 19.00 oere |
Start finale | 19.30 oere |
Sûnt 1991 wurdt alle jierren it Fryske sjongfestival Liet organisearre. It festival hat in soad nije talinten en artysten oplevere. Ek yn 2019 wurdt yn Ljouwert wer it festival Liet organisearre. En wol op freed 15 novimber yn poppoadium Neushoorn.
Artysten kinne meidwaan oan it sjongfestival mei in orizjineel Frysktalige komposysje of yn ien fan de yn Fryslân sprutsen streektalen.
Op wei nei de finale yn novimber wurde yn Fryslân ferskate aktiviteiten organisearre ta promoasje fan Liet en it Frysktalige liet.
Alles oer Liet