2nd TRY

Fjouwer kollega’s yn Snits rjochtsje yn 2007 in band op. Se ha alle wille fan de wrâld en meitsje muzyk, oant yn 2018 de bassist ferstjert. Hoe fierder? Dat is de fraach dy’t dan nei foaren komt. Twa bandleden (Olof de Jong en Martin Koning) treffe op har wurk yn Ljouwert twa lykstimden, yn Jan Wijma en Alex de Boer. Der wurdt in drummer (Klaas de Jong) by socht en mei Sonja Wildschut derby op saksofoan is 2nd TRY in feit. Op Liet spylje se it nûmer ‘Fiel it gefoel’.