De Fryske Nije

De Fryske Nije is in nij evenemint fan Liet, wêrby’t artysten út Fryslân dy’t al langer mei muzyk en dichtsjen dwaande binne, frege wurde in nûmer of tekst yn it Frysk te skriuwen en út te fieren. Dat is ûntstien út it ferlet fan Liet wei, om jong muzikaal talint te ynspirearjen yn it Frysk te skriuwen en him yn te skriuwen foar Liet.

Doelstellings: omtinken foar de Fryske taal yn de muzikale arena en jong talint ynspirearje yn de Fryske taal te skriuwen.

De Fryske Nije is yn 2022 foar it earst organisearre mei de folgjende artysten: Boaz, Immen, ZEA, Merina Gris, Rowan Veltman en Marije de Vries ha dizze jûn sjen litten wat hja ‘yn ‘e hûs ha’. Fan spoken word kollektyf  ‘Dichter bij Leewarden’ út, ha wurdkeunstners Gabriela Terpstra, Christa Niklewicz en Joel Hut it poadium pakt. De optredens wiene foar in part yn yntime setting en foar in part op it grutte poadium. De Fryske Nije is trouwens gjin ferfanging fan LIET, it Fryske songfestival dat yn 2024 wer organisearre wurdt.

Foto’s: PDF-Grafie

De Fryske Nije 2022 diel 1
De Fryske Nije 2022 diel 1
De Fryske Nije 2022 diel 2
De Fryske Nije 2022 diel 2

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS