Oer Liet

Wurkwize

Ungefear trijekwart jier foar de finale fan Liet wurdt in oprop pleatst om nije ferskes yn te skriuwen, in call for new songs. Muzikanten ha dan sa’n 2 moannen de tiid om in ferske yn te stjoeren. Dit moat sawol op it mêd fan de tekst as de melody in nij muzykstik wêze.
Muzikanten dy’t harren ynskriuwe foar Liet kinne dit allinnich dwaan, as duo, mei in band of yn hokker gearstalling dan ek.
By dizze ynskriuwing wurdt oan de muzikanten frege sawol in opname (dit is tsjintwurdich in filmpke), as ek de liettekst, in foto en ynformaasje oer de band en de bandleden te stjoeren.

In seleksjesjuery kiest dan sa’n 12 ynstjoerings om dizze troch te stjoeren nei de heale finale. De muzikanten wurdt foarsteld by Omrop Fryslân en op de webside fan Liet middels it ynstjoerde filmke. It publyk kin dan op harren favoryt stimme. De muzikant mei de measte stimmen giet troch nei de finale, oanfolle mei de folgjende 7 favoriten fan de seleksjesjuery. Sa binne der úteinlik 8 finalisten.
Dizze finalisten kinne harren dêrnei oanmelde foar coaching.

Op de dei foar de finale fine de soundchecks plak en op de dei fan de finale is yn de middei in generale repetysje. Jûns fynt dan de finale plak.
De 4-koppige faksjuery, tegearre mei it publyk as 5e sjuerylid, kiest dan in winner.
Dêrneist bepaalt de faksjuery ek wa’t de winner fan de tekstpriis is.
De winner giet sûnt 2002 nei Liet International (om’t dit festival alle 2 jier plak fynt, giet net eltse Liet-winner nei Liet International). En sûnt 2023 ek nei it Regio Songfestival, dat organisearre wurdt troch de regionale omroppen yn Nederlân.

Stifting Liet ’91

Sûnt 1991 wurdt jierliks it Fryske sjongfestival Liet organisearre. De finale fan Liet hat altiten plak fûn yn Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân. Betingst foar dielname oan Liet is dat de tekst fan it nûmer fan de dielnimmende artyst yn it Frysk is of yn ien fan de yn Fryslân sprutsen streektalen.
In faksjuery rikt de sjuerypriis út. Sûnt 2022 bestiet dizze faksjuery út 4 persoanen, mei dêrneist de publyksstimmen dy’t in 5e stim útbringe. Dêrneist wurdt sûnt 2018 wer in tekstpriis útrikt.

Eardere Liet-winners

De bekendste Liet-winner is it duo Twarres, dy’t yn 1999 de publykspriis wûn hat mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit ’Wêr bisto?’. Oare yn en bûten Fryslân bekende winners binne Nynke Laverman, Sebeare en Adri de Boer.
In folslein oersjoch fan dielnimmers en winners stiet hjir.

Talintûntwikkeling

Liet wol in bydrage leverje oan talintûntwikkeling. Dêrom ha wy troch de jierren ferskate workshops organisearre foar ús dielnimmers. Tink hjirby oan tekstskriuwen, poadiumpresintaasje en it skriuwen fan muzykstikken. Sûnt in oantal jierren kinne de finalisten oan Liet harren ynskriuwe foar coaching om harren noch better ta riede te kinnen op de finale.

Liet International

Nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan Liet is yn 2002 foar it earst Liet International organisearre (doe noch ûnder de namme Liet Ynternasjonaal). Mei dielnimmers út Europeeske regio’s dêr’t ek in regionale of minderheidstaal sprutsen wurdt. De winner fan Liet giet automatysk ek nei de edysje fan Liet International dat jier. Liet International fynt sûnt 2014 alle 2 jier plak. Nei in oantal edysjes yn Ljouwert hat dit festival troch hiel Europa reizge. Mei de lêste edysjes yn Guovdageaidnu/Kautokeino (Noarwegen) yn 2017, Ljouwert/Leeuwarden (Nederlân) yn 2018 en yn Tondern/Tønder (Denemarken) yn 2022.

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS