BANT

BANT is in semy-akoestyske band út Noardeast-Fryslân dy’t bestiet út trije muzikanten mei nei eigen sizzen ‘griis hier, lang hier en gjin hier’. It repertoire fan BANT bestiet út Ingelsk- en Frysktalige country-, rock- en bluescovers en eigen nûmers. It eigen nûmer Unwaar lei al in skoftke op ‘e planke en drige ûnder it stof te kommen. Liet 2020 joech it setsje om it nûmer ôf te meitsjen en yn te stjoeren.

BANT - Unwaar oer it lân