Bokke en de Heidehippers

De gitarist Bokke Rypma komt út Blauhûs en hat yn te folle bands spile om op te neamen. Hy hat gitaarskoallen yn Haarlem en Almere en spilet yn it trio The Lazy Sundays. Foar Liet wurdt it trio oanfolle troch nochris trije muzikanten en omdoopt ta Bokke en de Heidehippers. Harren liet is ynspirearre op Bokke syn buorfrou dy’t yn in caravan wennet omdat har oannimmer fallyt is, it lêste boek fan Stephen King en in learling dy’t Gypsy Jazz leare wol.

Bokke en De Heidehippers - Caravan bûten Ljouwert